Frans Hattink

Frans Hattink

Mei it oplibjen fan de folksmuzyk yn de 70-er jierren kaam ik foar it earst yn de kunde mei de lillepiip.

Myn passy lei by de Uilleannpipes. Nei in besite oan Dublin en de Willy Clancy Summer School yn Miltown Malbay (West-Ierlân), wie ik folslein yn de besnijing. Ik woe in set pipen ha en leare te spyljen. De bouwer en spiler Dan O’ Dowd út Dublin, doedestiids al op jierren, hat myn pipen makke. Dêrnei reizge ik elts jier ôf nei de Summer School yn Miltown Malbay, dêr’t les jûn waard troch û.o. Liam O' Flynn en Paddy Keenan. Davy Spillane rûn dêr as jongfeintsje by om. Those were the days!

Justjes letter boude ik sels ferskate muzykynstruminten (û.o. de Noardske Balke, in frysk soarte fan planksiter), joech kursussen ynstrumintebou oan in tal kreativiteitssintra yn it Noarden en die mei oan muzykprojekten yn it ûnderwiis. De Uilleann pipes waarden ynruile foar lillepipen út Frankryk en Flaanderlân. Yn dizze snuorje waarden ek de earste kursuswykeinen fan de doedestiids noch jonge Stichting Draailier en Doedelzak hâlden.

Yn ’t begjin fan de 80-er jierren hie ik in soad kontakt mei Rémy Dubois, de bekende lillepiipbouwer út Walloanië. Fan Rémy haw ik in protte leard, hy joech my de oantrún ta myn krewearjen mei it bouwen fan lillepipen.

Op dit stuit bin ik al jierren lillepiipbouwer fan berop, dosint op dit moaie ynstrumint en jou ik les foar de Stichting Draailier en Doedelzak. Ik wurkje yn in moai nij atelier. It bouwen fan lillepipen is tige ambachtlik wurk. It giet om mear as allinne foarmjouwing, it komt ek op it lûd en de spylberens fan in ynstrumint oan. Troch in kombinaasje fan technyske kunde, it brûken fan goed hout, in goede ynformaasje-útwikseling mei kollega bouwers en fral troch in passy foar it lûd fan lillepipen haw ik sa njonkenlytsen gâns in klantekring opbouwe kind.

"Cornemuses Jolipipe" bliuwt stribjen nei ynnovaasjes op it mêd fan it bouwen fan lillepipen. De lillepiip is in ynstrumint dat al ieuwen âld is, mar noch hyltyd in ûntjouwing trochmakket.