Lessen/Workshops
Foar begjinnende spilers is it no in stik ienfâldiger om lessen en workshops te folgjen. San 20 jier ferlyn wiene dizze mooglikheden tige beheind en inkeld mar te realisearjen troch in grut trochsettingsfermogen, reizgjen en goede kontakten mei spilers yn binnen- en bûtenlân. De Stichting Draailier en Doedelzak hat in wichtige taak by it tagonkelik meitsjen fan dizze ynstruminten troch twaris ynt jier in wykein foar begjinnende spilers en trochsetters te organisearjen. Fierder wurde der troch it hiele jier kursussen jûn yn Zeist. Op dit stuit wurdt der wurke oan in lannelik net fan dosinten en lesmooglikheden.
Njonken bouwer fan lillepipen, bin ik ek al jierren dosint fan dizze stifting en tagelyk lillepiipdosint yn it noarden fan Nederlân. It is moogelik om yn myn atelier privee-les te krijen en ik jou boppedat groepsles en privee-les yn Grins, oan de muzykskoalle yn De Like. Foar ynformaasje kinne jo my dêr oer skilje en maile (sjuch kontakt)
Fierdere lesmooglikheden yn Nederlân by:- Jonneke Jorissen yn Amersfoort e.o.
- Harry van der Loop yn Vught
- Loes Bakker op Texel en yn Den Helder
- Bert Lotz yn Wageningen
- Dimitra Hierck yn Utrecht
- Marcel Grotens yn Nijmegen
- Pier Winterwerp yn Milsbeek
- Hans Schmidt yn Limburg
- Willem Schot yn Dordrecht
- Rick Korssen yn Drente
- Wendie Hoeve yn Zwolle
Fierder binne der hyltyd mear lillepiipspilers yn Nederlân dyt begjinners op gleed helpe wolle. Om oan e-mail- en adresgegevens fan ditsoarte dosinten te kommen: stjoer in mail